BETINKINGSKONSERT BUORKERIJ DEKEMA STATE

Op moandei 4 maaie fynt in betinkingskonsert plak yn Buorkerij Dekema State, Op ´e Terp 7 yn Jelsum. It konsert is in gearwurking fan Brassband De Nije Bazún Britsum, doarpsbelang Jelsum/Koarnjum, Hervormde Gemeente Britsum/Jelsum/Koarnjum, de basisskoallen en Dekema State.

Fan’t jier hâlde we op 4 maaie foar de 70ste kear deadebetinking. Dat wie de reden foar Brassband De Nije Bazún om dêr spesjaal omtinken oan te jaan yn de foarm fan in betinkingskonsert. It konsert hat in plechtich karakter. De muzyk wurdt ôfwiksele mei in koarte taspraak troch boargemaster Boertjens, in ferhaal fan in doarpsgenoat dy’t de oarloch meimakke hat, in koarte oertinking troch Mirjam Hulzebosch en in gedicht troch skoallebern. It moaie is dat alle partijen dy’t oars elk in eigen rol ha by de deadebetinking yn Jelsum elkoar fine yn dit konsert. Bysûnder is dat it konsert plakfine sil yn de krekt restaurearre skuorre fan buorkerij Dekema State yn Jelsum. Oanslutend oan it konsert geane we nei it tsjerkhôf om dêr, lykas oare jierren, in minút stilte te hâlden by de grêven fan de omkommen Ingelske bemanning fan it fleantúch dat hjir delstoart is.

Elk is fan herte wolkom, de tagong is fergees.

Datum en tiid: moandei 4 maaie, 18.45 oere
Plak: Buorkerij Dekema State, Op ´e Terp 7, Jelsum

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.