Brassband De Nije Bazún spilet Fryske “Chrismas Carol”

Op freed 23 desimber is de Britsenburgh it toaniel foar “In Krystliet”, in bewurking fan “A Christmas Carol” fan Charles Dickens. De Nije Bazún lit de moaiste krystlieten hearre, sawol tradisjoneel as yn in modern jaske. Trije Britsumers, Ike Sinnema, Anita Braam en Tom Vis, fertelle en spylje it bekende ferhaal fan Scrooge. It duorret goed 80 menuten en we spylje it sûnder skoft. Nei de tiid is der waarme poeiermolke en glühwein. As jim de feestdagen smûk en yn styl begjinne wolle, dan binne jim by ús goed te plak! De foarstelling begjint om 20.00 oere, de seal giet om 19.45 oere iepen. De tagong is fergees.

Brassband De Nije Bazún
In Krystliet
Freed 23 desimber 2011
Oanfang: 20.00 oere
Doarpshûs Britsenburgh Britsum
Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.