Al in oantal jierren hâldt Brassband De Nije Bazún de freeds foar de krystdagen in krystkonsert dêr’t de opbringst fan nei in goed doel giet. It kin net oars as dit jier is dat goeie doel Serious Request. Reden foar De Nije Bazún om it dit jier oars oan te pakken. De Nije Bazún hat ferienings yn Britsum frege om mei syn allen wat te dwaan. It resultaat fan dat fersyk is op freedtejûn 20 desimber in prachtich programma yn Britsenburgh.
Alderearst noeget De Nije Bazún jo al mei krystmuzyk yn it doarp út om nei Britsenburgh te kommen.
Om 19.30 oere iepenet De Nije Bazún dêr it programma mei in mini-krystkonsert. Ek it jeugdorkest Band4Uth docht dêr oan mei. Dêrnei nimt toanielferiening Vriendenkring mei it jeugdtoaniel it stokje oer. Sy sille de Emotiebus spylje en dogge dat dizze kear allinnich foar betelle opdrachten. Dan is it wer de beurt oan De Nije Bazún. Mei de Jankfodden fersoarget de band in ferrassingskonsert. It programma slút ôf mei in feiling mei in oanbod sa’t jo dat noch nea meimakke hawwe. Ike Sinnema sil yn de rol fan Scrooge it gehiel oaninoar prate en sil ek feilingmaster wêze.
Underwilens kinne jo foar in knipbeurt telâne by Rennie de Boer (jo kinne fan te foaren reservearje fia telefoannûmer 058- 257 1242), foar in shiatsu-massaazje by Marjan Tromp of jo kinne by Ageeth Rooks jo neils moai meitsje litte. Boppedat ferkeapje minsken fan sjonggroep De Welle cakes, sipels, woartels en oare lekkere dingen.
Wy binne graach foar it goeie doel en foar it doarp yn it spier. Wy rekkenje op jo kommen. En ferjit net in beurs mei te nimmen!