De Nije Bazún Unplugged!

Op sneon 25 maart 2017 hâldt brassband De Nije Bazún Britsum wer syn jierlikse foarjierskonsert. De titel is Unplugged. In brassband sa’t wy in brassband graach hearre meie, helder en transparant. Aaron Kuiken is de gasthear fan de jûn. Hy sil it publyk troch in tige farieard programma liede. Fansels: mei in mars en in koraal en in prachtige solo troch Eveline Rianne Boonstra. Én De Nije Bazún lit sjen dat de brassband dêrneist in breed palet oan muzykstijlen behearsket. Fierder docht ek jeugdorkest Band4Uth mei oan ús programma. Sy groeie mei de jierren en litte dat graach hearre. Koartsein: alle yngrediïnten foar in prachtige muzykjûn.

Datum: sneon 25 maart 2017
Plak: De Hoekstien, Stedpaed 23, 9055 MG BRITSUM
Tiid: 20.00 – 22.00 oere.
Tagong: €5,- (bern oant 18 jier binne fergees)

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.