Doede Veeman en brassband De Nije Bazún

Op sneon 6 april is Doede Veeman te gast op it jierliks konsert fan brassband De Nije Bazún Britsum. ‘De begraffenis fan omke Wopke’ is fêst it bekendste liet fan dizze Fryske trûbadoer. Hy hat lykwols in grut repertoire mei lieten as ‘In jonge neamd Tryn’, ‘Bart-Jan’, ‘De beppe Tryntsjes brijbloes’, ‘Gans Anders’ en neam mar op. Neist syn solo-karriêre makket Doede mei Piter Wilkens, Jaap Louwes en Gurbe Douwstra diel út fan De Fjouwer Trûbadoers. Fierder treedt hy op mei de groep RemoliNo en bringt dêryn wrâldmuzyk en Fryske lietsjes byelkoar. Doede sil op 6 april sawol solo as mei De Nije Bazún optrede.

De Nije Bazún hat har eigen programma de namme Classic(s) jûn. Foar it skoft spilet de band in klassyk repertoire mei ûnder mear muzyk fan Fauré, Bach en Holst. Nei it skoft spilet de Nije Bazún klassikers út de popmuzyk lykas It’s a Sin en Black Magic Woman. Fansels is ek it entûsjaste jeugdorkest Band4Uth fan de partij.

Genôch ôfwikseling dus en alle reden om 6 april nei De Hoekstien yn Britsum te kommen! It konsert begjint om 20.00 oere en de tagong is fergees.

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.