Havenkonsert De Nije Bazún

Op sneon 7 july hâldt brassband De Nije Bazún fan Britsum as ôfsluting fan it seizoen in konsert yn de haven fan Britsum. It konsert begjint om 20.00 oere en de tagong is fergees.

Pieter Anjema (gitaar) en it Goutumer shanty- en balladkoar binne dy jûns de gasten fan De Nije Bazún. It programma fan De Nije Bazún biedt foar elk wat wils: romantyske stikken (Everything I do…, One moment in time), fleurige nûmers (The Floral Dance) en swingende muzyk (Hello Dolly).

De Nije Bazún soarget foar banken. As jo wat nofliker sitte wol kinne je it beste sels in stuoltsje meinimme.  De omjouwing, de muzyk en de gasten binne de yngrediïnten foar in bysûnder konsert. Jo binne fan herte wolkom!

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.