Krystkonsert De Nije Bazún yn nije Britsenburgh

Foarich jier begûn brassband De Nije Bazún in tradysje mei it hâlden fan it krystkonsert yn Britsenburgh yn Britsum. De útfiering fan In Krystliet (A Christmas Carol) luts sa’n soad publyk dat it doarpshûs hast út syn foegen barste. De Nije Bazún set de tradysje troch. No yn in prachtich ferboude, romme Britsenburgh.

Foar dit twadde krystkonsert hat De Nije Bazún it entûsjaste frouljus popkoar FromUs út Dronryp útnoege. Brassband, jeugdkorps Band4Uth en FromUs hawwe in oantreklik programma fan in oere yninoar set. It programma rint yn ien kear troch. Nei it konsert is der glühwyn en poeiermolke.

It konsert fynt plak op freed 21 desimber 2012, om 20.00 oere yn Britsenburgh. De doar is fan 19.30 oere ôf iepen. De tagong is fergees. Nei ôfrin sammelje we jild yn foar in goed doel. Jo binne fan herte wolkom!

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.