Kryst mei De Nije Bazún. Dat stiet foar in gesellige, noflike jûn mei bekende en minder bekende krystmuzyk. Fan’t jier is bêste kampfjoermuzikant fan Nederlân Wouter van der Wal ús gast. Hy skriuwt eigen lieten, yn it Nederlânsk en yn it Frysk. Fleurige lieten, mei in filosofyske ynstek, lieten dy’t oan it tinken sette. Dat past by de kryst en de tiid dêr’t we yn libje. We meitsje der figuerlik ien grut krystfjoer fan: waarm en smûk!
Foardat it konsert begjint ferwolkommet de jeugd fan De Nije Bazún jo bûtendoar mei krystferskes, by in echt fjoer.
Wy noegje jim allegear út om oan te skowen by ús krystfjoer!
datum: freed 23 desimber 2016
plak: Doarpshûs Britsenburgh
tiid: 19.30 oere ûntfangst troch de jeugd
20.00 – 21.15 oere konsert (sûnder skoft)