De ried fan Leeuwarderadeel hat besluten om:
– De foarige besuniging dy’t oprûn oant 25% yn 2015 ferfalle te litten
– Op it totale budzjet foar amateuristische kunstbeoefening yn 2013 € 5.000 te besunigjen
– En ús foar de jierren dêr op gewurde te litten
Dan hawwe wy yn totaal in besuniging fan 20% oan de broek (10% yn 2012 en 10% yn 2013) en dat moast neffens harren it maksimale wêze.
De ried hat dit amendement (wiziging op in foarstel) fan CDA, FNP en Gemeentebelangen unanym ûndertekene.
Hoewol’t we no it oare jier in gruttere besuniging te ferstouwen krije as yn de foarige, komme we yn totaal geunstiger út.
En it gefaar dat it hiele subsydzje der oan giet is foarby.