Tredde plak foar De Nije Bazún

Brassband De Nije Bazún fan Britsum is op 6 desimber tredde wurden yn de tredde divyzje fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen. De sjuery beleanne de útfiering fan it ferplichte wurk Graces of Love mei 91 punten. In opstekker foar de band dy’t in soad repetysjes stuts yn de tarieding op de kampioenskippen.

2013-12-06_NBK_De-NijeBazuin_Britsum-22

De Nije Bazún wist mei syn útfiering presys de goeie snaar te reitsjen: ûntspannen en mei in soad ‘drive’. De solistepriis foar kornettist Lucjan Anjema makke it súkses hielendal kompleet.

Op 20 desimber is De Nije Bazún te hearren op de Britsumer jûn foar Serious Request. Dat programma begjint om 19.30 oere yn Britsenburgh.

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.